Provinsje wol mei oplieding foar jonge eksporttalinten de eksport befoarderje

De provinsje stelt 150.000 euro beskikber foar in oplieding dy't derfoar soarget dat jongeren harren ûntwikkelje ta eksporttalinten. De oplieding wurdt jûn troch Oranjewoud Export Academy.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De nije eksportspesjalisten kinne Fryske bedriuwen helpe om saken te dwaan yn it bûtelân. De kommende twa jier moatte tritich persoanen klear wêze mei de oplieding.
Njonken de ynset fan jonge eksportsaakkundigen hat de provinsje ek oare stimulearjende middels betocht. Fryske ûndernimmers kinne in subsydzje krije fan op syn heechst ientredde fan de kosten dy't harren aktiviteiten kostje dy't mei útfier te krijen hawwe. Dêrfoar moatte se dan wol in eksportmeiwurker yn tsjinst nimme.
Mei de maatregels wol deputearre Sander de Rouwe foarinoar krije dat yn 2020 tsien prosint fan de Fryske bedriuwen oan eksport docht. Yn 2017 wie dat noch goed acht prosint. Fryslân is dêrmei de provinsje Utrecht foarbygien. Ek Grinslân komt yn sicht, sa seit De Rouwe. Oare provinsje eksportearje noch wol mear as Fryslân.
Sander de Rouwe oer de nije oplieding