Straf foar Thorsby sit derop, hy mei wer meidwaan mei it earste fan SC Hearrenfean

05 feb 2019 - 21:34

Middenfjilder Morten Thorsby sit foar de rest fan it seizoen wer by it earste fan SC Hearrenfean. Dat meldt de klup op de webside. Thorsby wie tydlik weromset nei it twadde alvetal, om't er begjin foarige moanne sûnder tastimming nei Italië reizge wie. Dêrtroch wie er twa kear net op de training ferskynd.

Foto: www.orange-pictures.nl

Technysk manager Gerry Hamstra hat in goed petear mei Morten Thorsby hân. De spiler hat syn ekskús oanbean en hy wol no it seizoen goed ôfslute by SC Hearrenfean.

Hy hat in moanne meitraind mei Jong Hearrefean en no is it wer tiid om mei syn eigen groep mei te dwaan, seit Hamstra.

"Iedereen kent Morten als een speler die veel voor de club gedaan heeft. Hij verdient een vertrek door de voordeur en een goed afscheid van de supporters. "

Thorsby woe yn Italië in transfer nei Sampdoria ôftwinge, mar dat mislearre. Syn kontrakt by SC Hearrenfean rint fan 't simmer ôf en de Noar sil transferfrij it Abe Lenstrastadion útrinne. Mar it bedrach dat de Italiaanske klup út Genua fan 't winter foar him bean hat, wie neffens Hamstra fierste leech.

(advertinsje)