Cees Roozemond sil yn petear mei "team-Riemer"

05 feb 2019 - 21:14

Cees Roozemond sil yn petear mei âld-Hearrenfeanfoarsitter Riemer van der Velde oer harren plannen. Roozemond is tiisdei begûn as 'gedelegeerd bestuurder' en ferfanger fan algemien direkteur Luuc Eisenga. "Ik ben bekend met de plannen van Riemer, Foppe en de rest. Natuurlijk gaan we daarover met elkaar in gesprek."

Foto: www.orange-pictures.nl

De persoan Cees Roozemond

Cees Roozemond is tiisdei begûn mei syn funksje as algemien direkteur. "Nou," sa begjint Roozemond, "dan wil ik je meteen corrigeren. Ik ben gedelegeerd bestuurder. Dat is wat anders dan algemeen directeur."

Roozemond hat noait yn Fryslân wenne, mar gong wol altyd op fakânsje nei Terkaple. Boppedat hat syn heit foarsitter west fan SC Cambuur. "Maar mijn familie kan ook fouten maken," seit er mei in grutte laits.

Fertrouwen net opsein yn Eisenga

Neffens Roozemond hat er, doe't er yn it stichtingsbestjoer siet, noait it fertrouwen opsein yn Luuc Eisenga. "Wel in de raad van commissarissen en in het beleid, maar niet in de persoon Luuc. Laat het duidelijk zijn, het heeft ons ook erg veel pijn gedaan. Maar wij moesten wel het vertrouwen in het beleid opzeggen. We hoorden van de achterban dat het vertrouwen in Luuc en het beleid broos was. En het belangrijkste nog: het operationeel tekort nam weer substantieel toe. Er is sprake van een acuut gevaar voor de continuïteit van de club en een dreigend tekort cashflow."

Wêrom wurdt Roozemond de tydlike algemien direkteur?

Roozemond wie earst foarsitter fan it stichtingsbestjoer en dêrnei koart fan de ried fan kommissarissen. Dochs fynt er net dat der sprake is fan belangeferfrisseling of fan eigenbelang. "In het stichtingsbestuur zitten afgevaardigden van alle geledingen van de club. Voorzitter van NieuwNoord en Fean, iemand van de vrijwilligers, iemand van Aktie '67, van de zakenclub. En iedereen vond dat ik nu de geschikte man ben. Dan moet je ook niet laf zijn. Dat moet je het gewoon doen."

Dochs is der in soad krityk op dizze gong fan saken. Sa bekritisearre Lutz Jacobi ferline wike snein nei de wedstriid Hearrenfean-AZ yn it iepenbier ien fan de kommissarissen Egbert van Hes. Se ferwyt him bad governance, oftewel min bestjoer.

Lutz Jacobi ferwyt bestjoerders 'min bestjoer'

Lutz Jacobi wie by de wedstriid Hearrenfean-AZ. Nei de wedstriid treft se ien fan de kommissarissen: Egbert van Hes. Der ûntstiet it pittige diskusje, dy't in soad minsken oanhearden. Jacobi fynt dat der sprake is fan bad governance, oftewol min bestjoer. Bad governance hâldt ûnder oare yn dat der net ynteger of transparant hannele wurdt en dat der sprake is fan belangeferfrisseling. "Daar ben ik het niet mee eens. Ik snap wel dat de gang van zaken niet goed is voor de beeldvorming. Van stichtingsbestuur naar raad van commissarissen naar gedelegeerd bestuurder. Dat er veel kritiek op is, dat snap ik. Maar ik zou het beleid niet bad governance willen noemen."

Plan-Riemer

Op it stuit is der in groep dwaande om in plan te meitsjen foar SC Hearrenfean. Riemer van der Velde docht dat mei Gertjan Verbeek en Foppe de Haan en âld-bestjoersleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Tjisse Wallendal. Sy hawwe in plan op trije gebieten: kommersjeel, finansjeel en sportyf. Hoe krije se it stadion wer fol? Hoe komme de sponsoaren werom? En hoe kin de klup sportyf wer groeie?

"Ik ben bekend met de plannen. Ik heb goed contact met Riemer en Foppe. Natuurlijk weet ik ook dat twaalf jaar na het aftreden van Riemer het nooit rustig is geweest, maar ik wil wel gaan kijken in hoeverre we zijn ideeën kunnen gebruiken."

Relaasje mei haadsponsor GroenLeven ûnder druk

It kontrakt met haadsponsor GroenLeven stiet ûnder druk. Beide partijen tekenen yn 2016 in kontrakt foar trije jier, mar it is noch mar de fraach oft dat trochgiet. It konflikt giet oer pleatsing fan sinnepanielen op it Abe Lenstrastadion.

"We moeten er natuurlijk alles aan doen om ervoor te zorgen dat GroenLeven wil blijven. Sponsoren moeten het gevoel hebben dat ze gewaardeerd worden en graag willen komen. Ik heb goede hoop dat we het oplossen met GroenLeven."

Roozemond de nije algemien direkteur?

No begjint ek de diskusje oer wa't Luuc Eisenga opfolgje moat. "We hebben een lijst van 20 punten waar hij aan moet voldoen. Fries is een pré, maar geen must. En het zou leuk zijn als hij uit de voetbalwereld komt, maar ook dat moet niet."

Boarnen om sportklup Hearrenfean hinne melden ferline wike al dat Roozemond de nije direkteur wurdt. Tiisdeitemiddei hat Roozemond it personeel bypraat en itselde ferteld as yn dit ynterview.

"Ik blijf zitten zolang ik het leuk vind en mensen het nodig vinden dat ik daar moet blijven zitten." Dêrmei slút hy dus net út dat hysels de nije algemien direkteur wurdt. "Nee, dat klopt. Als er velen zijn die vinden dat ik het moet, dan wil ik daar niet voor weglopen."

Roozemond wie fan 1982 oant en mei 1997 direkteur fan Ceteco, in hannelshûs dat yn 1999 fallyt gie. Hy hat dêrnei in soad yn de hynstewrâld dien. Roozemond wie foarsitter fan de Koninklijke Vereniging van Friesche Paarden en is no bestjoersfoarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie.

Hy is ek foarsitter fan Het Paard van Friesland, it projekt op de Ofslútdyk. Boppedat wie Roozemond eigener fan Stal Groeneweg yn syn wenplak Bergen. Roozemond syn heit wie foarsitter fan Cambuur en yn 1989 waarnimmend boargemaster fan de gemeente Smellingerlân. Hy wenne oant 2005 yn Goaïingea.

Dêrneist is Roozemond sûnt 2014 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf. Yn 2016 kaam hy yn it stichtingsbestjoer fan sportklup Hearrenfean. Dat stichtingsbestjoer sei it fertrouwen op yn algemien direkteur Luuc Eisenga en de ried fan kommissarissen mei Jorrit Jorritsma, Gerard Kremer en Hans Westerhof. Dêrnei naam Roozemond plak yn de tydlike ried fan kommissarissen en no wurdt er dus algemien direkteur.

(advertinsje)
(advertinsje)