Yn jubileumjier 2019 is steatejacht Friso ferskate kearen te sjen foar publyk

It wurdt in feestlik jier foar it steatejacht Friso. De provinsje is dit jier 65 jier eigener fan it jacht, dat 125 jier âld is. It steatejacht sil by ferskate eveneminten te sjen wêze foar it publyk, te begjinnen by Boot Holland kommende freed.
© Provinsje Fryslân
Fan 26 april oant 1 septimber is der in eksposysje oer it steatejacht yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits. Hichtepunt wurdt ek in floatskou by keninklike sylferiening Oostergo op 25 maaie yn Grou.
Mei de Stichting Stamboek Ronde- en Platbodemjachten is de sylferiening der ferantwurdlik foar dat it steatejacht foar Fryslân behâlden bleaun is.
De provinsje kocht it renovearre jacht yn 1954, wylst der ek út it bûtenlân belangstelling wie.
Mirjam Sutman-Meijer fan de provinsje oer dit bysûndere jubileumjier