Nije foarstelling fan Inez Timmer 'Vijf minuten voor aanvang' sneon yn premjêre yn Snits

05 feb 2019 - 20:26

Inez Timmer is by de measte Friezen noch hieltyd bekend as sjongeres fan de Fryske folkgroep Irolt. Mar de sjongeres hat yntusken folle mear noaten op har sang. Mei ferskate musicals en toanielproduksjes hat se yn binnen- en bûtenlân stien. Takom sneon 9 febrewaris sjocht se yn de premjêre fan har nije foarstelling 'Vijf minuten voor aanvang' yn Snits werom op har karriêre oant no ta en hoe dreech oft it is om as aktrise dy't al salang meidraait, de holle boppe wetter te hâlden.

Fan Irolt nei Madame Chanel

Inez Timmer begûn har karriêre as sjongeres fan de Fryske folkgroep Irolt. Dy groep brocht as earste Fryske folkmuzyk op elpee út. Nei it konservatoarium yn Hilversum makket se furoare op ferskate poadia yn binnen- en bûtenlân.

Yn Nederlân spile se yn de musicals Phantom of the Opera en Cyrano de Bergerac. Yn Dútslân en Eastenryk skittere Inez yn de produksjes Driving Miss Daisy, My Fair Lady en Junglebook. Tuskentroch fersoarget se it entertainment op in eksklusyf cruiseskip.

Tsjintwurdich spilet Inez Timmer benammen yn lytsere teäterfoarstellings as Madame Chanel, Tusken Heimat en Heitelân en Leafdesbrieven. Mei as lêste produksje 'Vijf minuten voor aanvang'.

Sûnder bedeltes gjin hichtepunten

Har nijste foarstelling Vijf minuten voor aanvang giet oer Inez har libben. Dêryn fertelt se grappige dingen yn anekdoates, mar der sitte ek djiptepunten yn. "Ast noait yn de bedelte sitst, kinst ek gjin piken fiele", seit Inez.

"It is ek in boadskip oan de jongere generaasje. Folgje dyn hert, mar libje wol mei de konsekwinsjes, want it is net altyd leuk. En âldere minsken fan 60+ dy't wolris yn de ûnsichtberens ferdwine, wol ik meijaan: Dat hoecht hielendal net. Kinst ek mei 60+ op toaniel stean."

"Ik bin 25 jier ferlyn nei Eastenryk gien. Dêrfoar wie ik al twa jier dwaande, dus ik bin no mei-inoar 27 jier profesjoneel aktrise/sjongeres. Dêrfoar haw ik ek wol moaie dingen dien, mar dan mear as hobby."

Dramatysk telefoantsje fiif minuten foar begjin optreden

Doe't Inez 22 jier âld wie, krige se fiif minuten foar oanfang fan in Irolt-optreden in telefoantsje dat har heit himsels te koart dien hie. Hy wie depressyf. Dy tiid libbe se yn in emosjonele achtbaan, mar it wie ek in omslachpunt, it begjin fan in bewustwurding: "Ast net lokkich bist, yn dyn relaasje of yn dyn wurk, wensituaasje of houlik, moatst der wat oan feroarje. Do hast mar ien libben."

Dat sette Inez tsien jier letter, doe't se 32 jier wie, om yn dieden. Se wie op dat stuit dosint Ingelsk en die doe talittingseksamen foar it konservatoarium foar lichte muzyk yn Hilversum. "Foar dy tiid doarde ik dat net."

Leafde fan har libben op love boat

Letter wurke Inez ûnder oare op cruiseskippen. "Ien fan de skippen wie de Ancona. Dat wie de earste Dútske love boat. Dêr haw ik de grutte leafde fan myn libben fûn."

Fan musicals nei lytsere sealen, is gjin drege omslach foar Inez. Sa is se ek begûn, fertelt se. Sjongend op it biljert yn it kafee, mei Irolt en jazzkonserten. Letter kaam se yn de gruttere teäters, mei mear as tûzen taskôgers.

Dreech om boppe wetter te bliuwen

Foar Inez is it dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Se hat no in rol yn de nijste produksje fan de Nederlandse Reisopera. Dêrtroch kin se in lytse produksje draaiende hâlde. Mar it is gjin fetpot. Dêrom sprekt se har út oer subsidiearre keunst. Dat soe gau in fertekene byld jaan nei de artyst dy't sûnder subsydzje har jild fertsjinje moat.

"Ik wol teater nei de minsken bringe, mar wy moatte al gau 15 euro it kaartsje freegje. Tryater freget bygelyks mar 7,50 euro foar in kaartsje, mar minsken begripe it ferskil tusken dy twa net. Dan binne wy al gau te djoer."

Ek yn lytsere optredens is jild faak in probleem. "Yn Fryslân sitte jo dan al gau yn it sirkwy dat jo yn it doarp frege wurde foar in optreden, dat de seal betelle wurdt, de technikus, de hoareka, en de artyst it dwaan moat mei in bosk blommen. Ut leafde foar it doarp, mar ik moat ek ite," seit Timmer.

Yn 2018 net folle wurk

Ferline jier mei LF2018 wie Inez hiel bliid dat se wurk hie yn Bayern en yn Wenen. "Dat wie foar my wol wat lestich, want it hiele sirkwy yn Fryslân dêr't wy graach yn wurkje, siet fol mei allegearre - wol prachtige - projekten.

"En ik bin ek hiel bliid dat it allegearre bard is, want it hat Fryslân wol in boost jûn. Ik hoopje dat de minsken dy honger nei it teater hâlde en dat se nei ús foarstelling komme. Oare zzp'ers yn muzyk en teater hawwe der ek wol fan te lijen hân, dat se gjin wurk mear hiene yn 2018. Mar ik hoopje dat de neilittenskip fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 ús positive dingen bringt."

It nije stik fan Inez Timmer (Vijf minuten voor aanvang) giet sneon om 16:00 oere yn premjêre yn Teater Snits. Dêroan foarôfgeand is der freedtejûn in try-out yn it kafee yn Baard.

Trefwurden: 
Inez Timmer
(advertinsje)
(advertinsje)