Nije film fan Mirjam de With Taiki opnaam yn Sweden

05 feb 2019 - 18:40

Regisseur Mirjam de With, bekend as regisseur fan de Omrop Fryslân-searje De Keet, hat wer in nije telefilm makke. De film hjit Taiki en hy giet woansdei yn premjêre yn Amsterdam. Taiki is Japansk foar Wolf. It is in famyljefilm.

Syktocht nei jonkje

De film giet oer in syktocht yn in bosk yn Sweden nei in jonkje dat út de auto set is. Syn heit en mem hawwe him derút set. As se dêr spyt fan krije en weromgean nei dat plak, is it jonkje wei.

It ferhaal is echt bard yn Japan. Dat jonkje wie ek dagenlang fuort. Mirjam lies dêr in stikje oer yn de krante, knipte dat út en die dat yn har ynspiraasjemap.

Wolf

Dat de film yn Sweden opnaam is, hat twa redenen: Mirjam is gek op dat lân. Se hat dêr ek studearre, En as twadde sochten se in lân dêr't wolven yn foarkomme. Dy komme no wol foar yn Nederlân, mar twa jier ferlyn doe't de film opnaam waard, noch net, seit Mirjam. Sadwaande Sweden.

Foto: Dutch Features

Snie en hjitteweach

By oankomst yn Sweden lei der noch snie, fertelt Mirjam. "Ik haw noch mei de auto fêstsitten. Dêrnei krigen wy in hjitteweach. It wie sels sa hjit dat de wetterfal dy't in rol spile yn de film nei in skoft opdrûge wie. En it moaie wie, dat wy hearden dat achter de wetterfal in slûs siet. Wy mochten fan de autoriteiten de slûs sels betsjinje, dat doe koene wy sels bepale hoefolle wetter oft der kaam."

Wolfhûn

De wolf spilet in wichtige rol yn it ferhaal, fertelt Mirjam. No harkje echte wolven oer it algemien net sa goed. Dat hawwe se sa oplost dat se in wolfhûn ynset hawwe. Tafallich wie der in Nederlanner dy't yn Sweden wennet dy't sokke wolfhûnen hat.

De premjêre fan Taiki is woansdei yn Amsterdam. De film draait yn Sweden mei yn twa filmkompetysjes. Mirjam giet sels ein maart nei it Sweedske Malmö foar it filmfestival dêr. Op 18 febrewaris is de film te sjen op tillefyzje, op NPO 3.

Trefwurden: 
Mirjam de With telefilm Taiki
(advertinsje)