Deputearre Sietske Poepjes jout har op foar Heel Holland Bakt

Deputearre Sietske Poepjes jout har op foar it populêre programma Heel Holland Bakt. Poepjes is yn har frije tiid in fanatyk bakker. Se hat in rubryk yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân dêr't se mei resepten komt. Sietske Poepjes wol no besykje foar hiel Nederlân sjen te litten dat se in poerbêste taartbakker is.
Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Sietske Poepjes oer har opjefte
It seizoen fan Heel Holland Bakt is no ôfrûn. Ofrûne snein wie de finale. Fjouwer miljoen minsken seagen dat Anna Yilmaz de winner waard fan dy edysje. De Fryske CDA-politika sil besykje dy fan it seizoen 2019\2020 te winnen.