Yn 2025 mear biodiversiteit en folslein duorsume lânbou yn Fryslân

05 feb 2019 - 18:03

Al yn 2025 moat de lânbou yn Fryslân folslein duorsum wêze. Ek moat de rykdom yn de natuer, ek wol biodiversiteit, dan wer flink omheech gean. Dus mear blommen en flinters op it lân.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Kramer oer biodiversiteit

Dat is ien fan de doelstellings fan de provinsje. It kolleezje fan Deputearre Steaten presintearre tiisdeitemiddei de nije omjouwingsfyzje foar Fryslân. Dy hat as titel De Romte Diele meikrige. Yn de fyzje stiet hoe't Fryslân him de kommende jieren ûntwikkelje moat. Oer seis jier moat de lânbou folslein duorsum wêze. Nije hinne -en bargebedriuwen wurde net mear tastien. Mooglike útwreiding fan besteande bedriuwen kin soms noch wol, bygelyks as it bistewolwêzen yn it geding is.

"Net fan hjoed op moarn"

Neffens deputearre Johannes Kramer past de doelstelling fan 2025 prima by it úteinlik folslein biologysk meitsjen fan de lânbou. "Dat is net fan hjoed op moarn, mar giet yn stappen. Mei ferdraggen, mei de boeren. Dus dat leit perfekt yn elkoars ferlingde."

Oare saken dy't yn de nije omjouwingsfyzje stean, binne de komst fan mear enerzjysunige huzen, ynnovative foarmen fan iepenbier ferfier, mear sinnepanielen en sterkere diken.

(advertinsje)