Ljouwerter famylje giet al pankoekbakkend op reis troch Europa

05 feb 2019 - 16:57

In húshâlding út Ljouwert makket ynkoarten in bysûndere reis fan in heal jier troch Europa. Sonja Onclin (35), Tim Oudkerk Pool (39) en harren berntsjes Anique (9) en Yulan (4) sille pankoeken bakke foar minsken dy't it minder hawwe as wy yn Nederlân. Sa wolle se ferbining sykje en kultuer fan oare Europeeske lannen opdwaan.

Foto: Omrop Fryslân

Mei harren fjouweren sille se yn in camperke troch Europa ride. "Voordat we kinderen hadden, in 2007 was dat, hebben we ruim een half jaar door Azië gereisd", leit Tim út. "Dat gevoel willen we heel graag weer een keertje terug en ook beleven met de kinderen." "We hadden zoiets van: als we het willen gaan doen, moeten we het nu doen. De kinderen zijn nog vrij jong, dus dan is het nog mogelijk om zoiets te ondernemen", seit Sonja.

Gesellichheid en ferbining

It wurdt net gewoan wat ride en fakânsje fiere, mar it doel is om pankoeken te bakken fan streekprodukten foar oare Europeanen. Sonja: "We willen heel graag iets doen voor mensen die het minder goed hebben, eenzame ouderen, vluchtelingen, weeskinderen, en toen kwamen we op het idee om pannenkoeken te bakken. Pannenkoeken staan voor gezelligheid, verbinding en kind zijn. Eigenlijk iedereen vindt een pannenkoek wel lekker."

Foto: Erikjan Koopmans en Renske de Boer

Ljouwerter húshâlding sil pankoeken bakke yn Europa

De reis draait lykwols net allinnich mar om pankoekbakke, leit Sonja út. "Maar vooral ook om samenzijn, onthaasten en leren van elkaar." Sonja komt út de kommunikaasjewrâld en Tim út it ûnderwiis.

Se ha globaal in rûte útstippele, mar eins gean se op de bonnefoai. Tim: "Eerst naar Portugal, daar verblijven we in het huisje van mijn schoonzusje en zwager, vlak onder Lissabon. Van daaruit grofweg naar Griekenland. Het klinkt heel makkelijk en het is een heel eind, maar we zien wel waar we uitkomen." "Verder niet teveel plannen", sa seit Sonja. "Gewoon lekker gaan."

Stay on Tour

Minsken kinne harren reis ûnder de namme Stay on Tour folgje fia ûnder oare Facebook en Instagram. Dochter Anique sil ek noch vlogge. Se krijt in eigen YouTube-kanaal, mar de namme dêrfoar moat noch betocht wurde.

(advertinsje)