Sjinkie Knegt werstelt goed, hûdtransplantaasjes suksesfol

05 feb 2019 - 16:12

Shorttracker Sjinkie Knegt hat tiisdei ûnder narkoaze west sadat de doktoaren beoardielje kinne oft de hûdtransplantaasjes fan ferline wike goed ferrûn is. De doktoaren jouwe oan dat syn beide ûnderskonken en ien ankel goed wersteld binne. De hûdtransplantaasjes dêr binne suksesfol ferrûn.

Foto: OrangePictures

De brânwûnen op syn boppeskonken wiene slimmer. Dêr kinne de doktoaren noch neat oer sizze. Ein dizze wike sille se der wer nei sjen om te beoardieljen hoe't it giet.

Sjinkie Knegt rekke op 10 jannewaris nei it sikehûs mei slimme brânwûnen. Dy rûn er op doe't er thús de kachel oanmeitsje woe. Hy leit no hast fjouwer wiken yn it brânwûnesintrum yn it Martinisikehûs yn Grins. It is net bekend hoelang't er dêr bliuwe moat.

De brânplakken yn Sjinkie syn gesicht giet it ek goed mei. Syn hier en burd groeie alwer oan. De hûdtransplantaasje by syn ear genêst ek goed.

Trefwurden: 
Sjinkie Knegt shorttrack
(advertinsje)