Ljouwerter keunstners sykje ûnderdak

05 feb 2019 - 14:29

It kulturele haadstêdjier hat keunstners en oare kreativelingen yn Ljouwert in flinke boost jûn. Mar der is hast gjin plak foar harren. De gemeenteried praat woansdeitejûn oer de kulturele briedplakken. Ien fan de mooglikheden soe it Cornelis Troost Atelier wêze kinne yn de Ljouwerter wyk Huizum West. Sûnt de sluting fan dizze âlde ambachtsskoalle tsien jier lyn, hawwe sa'n tritich keunstners hjir no in plak fûn en der is romte foar folle mear.

Ut in earste ynventarisaasje docht bliken dat der wis fjirtich oare keunstners ynteresse hawwe om harren hjir te fêstigjen. "We willen hier ruimte bieden aan kunst, cultuur, ambachten en wijkzaken", fertelt Hennie Broers. Sy is edelsmid en hat al in pear jier har wurkplak yn it Cornelis Troost Atelier.

Als het regent valt het water met een beetje goed geluk niet op je werk maar er net naast.

Edelsmit Hennie Broers oer de tastân fan it gebou

As it in struktureel briedplak wurdt, moat it gebou lykwols wol flink opknapt wurde. Der hat al tolve jier gjin ûnderhâld plakfûn. "Als het regent valt het water met een beetje goed geluk niet op je werk maar er net naast", aldus Hennie.

Betelberens

De gemeente hat no it belied dat se by kulturele briedplakken net de beurs lûkt. In grutte ynvestearring yn it gebou soe trochberekkene wurde moatte yn de hierpriis. Dat hat as risiko dat it plak ûnbetelber wurdt foar de keunstners. De gemeente besjocht mei it Cornelis Troost Atelier hoe't se dit plak betelber meitsje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)