Reedfabrikant Wouter Zandstra ferstoarn

Foar de bûtenwrâld ûnferwachts is ein jannewaris Wouter Zandstra, de eigener fan it reedfabryk op De Jouwer, ferstoarn. De redens fan Zandstra binne ferneamd. It bedriuw bestiet al sûnt 1825.
Reedfabrikant Wouter Zandstra ferstoarn

Hy libbe foar syn wurk

Hast eltsenien dy't wolris op redens stien hat, hat wolris in Zandstra oan de fuotten hân. In man dy't him goed koe, is Cor Faber, âld-eigener fan Faber Sports fan It Hearrenfean. Faber wurke yn it ferline by Zandstra en wie letter mei syn winkel ôfnimmer fan de redens. Neffens Faber wie Zandstra in eigensinnich man dy't neat joech om show en materieel gewin en dy't altyd klear stie foar de minsken dy't er koe. Hy libbe foar syn wurk.

Utfiner

Zandstra had in soad betsjut foar de reedrydsport. Sa wie er de betinker fan de saneamde komby-noar: in iishockeyskoech op in noar. Ek betocht er de easy glider, in keunststof houtsje. Zandstra wie in man dy't him mei syn bedriuw benammen rjochte op de breedtesport. Safolle mooglik minsken moasten betsjinne wurde, fûn er.
© Omrop Fryslân
Zandstra hat de saak eartiids fan syn heit Thomas oernaam. It bedriuw hie earst ferskate gebouwen yn de binnenstêd fan Snits. Begjin jierren '80 is it bedriuw ferhuze nei De Jouwer.
Wouter Zandstra is yn famyljerûnte yn stilte begroeven. Hy is 75 jier wurden.
© Omrop Fryslân