Piet sjocht Omroep MAX wol sitten: "Moat mar ris kofjedrinke mei Jan Slagter"

05 feb 2019 - 13:26

Nei alle opskuor oer it twongen fuortgean fan Piet Paulusma by SBS6 liket de loft wer wat op te klearjen foar de waarman út Harns. Omroep MAX hat ynteresse toand om Paulusma binnen te heljen en dat sjocht de waarman wol sitten.

Nei't it nijs moandei nei bûten kaam dat Piet syn kontrakt by SBS6 net ferlinge wurdt, krige er in hiel soad reaksjes. Der binne yntusken ferskate petysjes en Facebooksiden opset mei 'Piet moet blijven' en der is sels in demonstraasje oankundige foar 8 maart. De waarman is bot ûnder de yndruk fan alle stipe dy't er út it hiele lân krijt. "Ik hie dit net ferwachte, it is hertferwaarmjend. Hiel Nederlân is ûntploft."

"Piet is een icoon"

Ien fan de minsken dy't it foar Piet opnimt, is direkteur Jan Slagter fan Omroep MAX. Hy sjocht Piet as in fenomeen, ien dy't syn plak fertsjinnet yn it medialânskip. "Hij is een icoon, hij is de bekendste weerman van Nederland, hij scoort torenhoge kijkcijfers. Ik snap echt niet wat er in het hoofd van John de Mol is omgegaan, om te zeggen: we verlengen je contract niet."

Kofje mei oranjekoeke

Slagter wol graach mei Piet om tafel om de mooglikheden te besjen. "Als er iemand is die bij MAX past, is het Piet. Maar het moet allemaal wel mogelijk zijn. Ik ga bij Piet een keer koffiedrinken en een stukje oranjekoek eten, en dan moeten we maar kijken waar we uitkomen."

Piet Paulusma sels lit alle opsjes oer in nije wurkjouwer iepen, mar stiet posityf foar it foarstel fan Slagter oer. "We sille lekker in bakje kofje drinke, we binne mekoar al faker tsjinkaam, en we sille sjen oft it slagget."

Piet Paulusma en Jan Slagter oan it wurd

(advertinsje)