Al 20.000 seekoeten omkaam op de Noardsee

05 feb 2019 - 12:23

Yn de ôfrûne wiken binne der yn totaal al goed 20.000 seekoeten omkaam yn de Noardsee. Neffens ûndersiker Mardik Leopold fan de Universiteit Wageningen hat in massa-stjerte op dizze skaal allinnich yn de jierren 80 en 90 plakfûn. Nuver is dat de stjerte allinne yn it Nederlânske kustgebiet spilet en net yn de buorlannen.

Tweintichtûzen deade seekoeten is in soad, seit Leopold, ek al binne der yn totaal sa'n 2 miljoen fan de bisten foar de Nederlânske kust. "Iedereen ziet het, overal liggen ze en het is een flinke klap voor de zeekoet."

Alle dagen wurde der op de strannen oan de Nederlânske kust, fan Skiermûntseach oant Hoek van Holland, deade seekoeten fûn. "Het is bijna een zeekoet per kilometer per dag." Dêrnjonken wurde der noch tsientallen sike en swakke bisten by de ferskate fûgelasyls opfongen.

Ein jannewaris al waarden de earste fûgels by De Fûgelhelling yn Oerterp binnenbrocht. It probleem duorret no al trije wiken, en it spilet noch hieltyd want ek tiisdei waarden der wer deade seekoeten fûn.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Rommel yn terms

By de Fûgelhelling is fuort nei de fynst fan de earste seekoeten in begjin makke mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de massale stjerte. Der waard ûnder oare swarte rommel fûn yn de terms fan de fûgels. Dit wurdt fierder yn Wageningen ûndersocht.

Dochs soe dy swarte rommel ek in symptoom wêze kinne fan in úthongere fûgel, dy't troch hurde wyn tefolle enerzjy ferspylje moat om iten te finen. Want sûnder iten kin it lichem fan de bistjes yn de needstân oergean, en de eigen organen fertarje. Dat soarget dan wer foar nuvere substânsjes yn de termen.

In Nederlânsk probleem

Undersiker Leopold fynt it opfallend dat de massale stjerte allinnich yn Nederlân foarkomt. "Uit Duitsland en België krijgen we dit soort meldingen niet." De kontenerramp soe der mooglik wat mei te krijen hawwe kinne. "Het epicentrum lijkt rond Ameland te liggen", sa fertelt Leopold. Dochs fynt er it nuver dat it allinnich mar in pear fûgelsoarten treft, en net, bygelyks, einen. "Het lijkt een voedselkwestie."

Mardik Leopold fertelt oer de stjerte yn No yn Fryslân

Trefwurden: 
Noardsee miljeu seekoeten
(advertinsje)