Nij muzykfestival fan meardere dagen op Skylge

05 feb 2019 - 12:04

Nei Oerol krijt Skylge in nij grut festival dat meardere dagen duorje sil. It nije muzykevenemint, mei de namme Eilân, moat yn septimber plakfine by it Duinmeertje op Hee.

Foto: ANP

Eilân moat in festival wurde mei in brede seleksje oan muzikanten: fan bandsjes en singer songwriters oant DJ's en elektroanyske muzyk. De organisaasje is yn hannen fan Chasing the Hihat út Amsterdam, yn gearwurking mei Mojo. It is foar it eveneminteburo in stap bûten syn komfortsône: al syn oare festivals fine plak yn Amsterdam en Ruigoord.

De besikers fan it festival kinne oernachtsje op Camping Cupido, De Kooi en bungalowpark de Riesen. Elkenien mei in eilanner boatpas mei It Eilân fergees besykje.

Ynspraak

De ôfrûne 18 moanne hat de organisaasje ûndersyk dien op it eilân om te sjen hoe't se it festival it bêste organisearje kinne. Neffens Chasing the Hihat binne de reaksjes fan de eilanner ynstânsjes posityf. Dochs wolle se ynwenners en ûndernimmers noch de kâns jaan om har miening oer it festival te jaan. Dit bart begjin april.

Trefwurden: 
Skylge muzykfestival
(advertinsje)
(advertinsje)