Wim Stroetinga útskeakele troch fal yn Kopenhagen

05 feb 2019 - 11:59

Foar baanhurdfytser Wim Stroetinga is der moandeitejûn in abrupt ein kaam oan de Zesdaagse van Kopenhagen. Op de fiifde dei gie hy ûnderút en dêrby rekke in skouder út de kom. Ek rûn er in heupblessuere op.

Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn Kopenhagen foarme Stroetinga in duo mei Yoeri Havik. Ek hy gie ûnderút, mar rûn allinnich wat skaafwûnen op. Havik kin dêrtroch it evenemint wol ôfslute, mei as partner de Dútser Christian Grasmann. Se stean op it stuit fjirde yn it klassemint.

Ein febrewaris begjint it WK op de baan yn de Poalske stêd Pruszków. It is noch net dúdlik oft Stroetinga dêr oan meidwaan kin.

(advertinsje)
(advertinsje)