GroenLeven begjint spesjale oplieding ta monteur fan sinnepanielen

05 feb 2019 - 10:26

Minsken dy't dreech oan in baan komme kinne, wurde tenei ek oplaat ta monteur fan sinnepanielen. De oplieding is in inisjatyf fan praktykoplieder Leerbouwen en enerzybedriuw GroenLeven fan It Hearrenfean. Se wolle hjirmei meihelpe oan de enerzjytransysje fan Nederlân.

Foto: ANP

It is de bedoeling dat de kandidaten yn trije moanne oplaat wurde ta monteur fan sinnepanielen. En nei't de oplieding klear is, krije se in baangarânsje by GroenLeven. It projekt rint no foarearst yn Grinslân en Noard-Drinte.

GroenLeven is tige optein oer de foarútsichten fan it projekt: "Ik ben ontzettend trots dat we, in een markt waar een ernstig tekort is aan technici, zelf mensen die al langer werkzoekend zijn gaan helpen en opleiden om de energietransitie te versnellen", sa seit direkteur Roland Pechtold fan it Feanster bedriuw.

Trefwurden: 
sinnepaniel GroenLeven
(advertinsje)
(advertinsje)