Biosintrum yn Easterwâlde wint Nederlânske Boupriis

It Biosintrum yn Easterwâlde hat yn de kategory 'Bouwen' de Nederlânske Boupriis wûn. Dat is in priis foar wichtige ynnovative bou-inisjativen yn ús lân. De bousektor is bot yn feroaring en der wurdt hieltyd mear ynset op wergebrûk, op wei nei in sirkulêre ekonomy.
© Biosintrum
Ferslachjouwer Timo Jepkema is by it Biosintrum yn Easterwâlde
Ek de aspekten feilichheid en sûnens nimme in wichtich plak yn by it bou-proses. It Biosintrum, dat ein foarich jier oplevere waard, skoarde op dy mêden goed en pakte dêrtroch de earste priis.

Boupriis

De Nederlânske boupriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. Dat barde dit jier by de BouwBeurs yn Utrecht.