Boargemaster Amelân wol Waadlobbyist yn Den Haach

05 feb 2019 - 08:44

In lobbyist yn Den Haach foar allinnich de fiif Waadeilannen, soe neffens boargemaster Gerard van Klaveren fan It Amelân in goed idee wêze. De wize wêrop't Den Haach no noch omtinken hat foar it Waadgebiet is net goed genôch, sa fynt er.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Gerard van Klaveren fan It Amelân

Op dit stuit wurdt it belied yn Den Haach mei in 'Waadtoets' tsjekt om te sjen oft it goed as net goed is foar de eilannen. Troch de geografyske posysje hawwe de eilannen nammentlik in bysûndere posysje yn Nederlân. De Waadtoets wurdt lykwols te min ynset, en de gemeenterieden wurde amper ynformearre oer de Waadtoetsen dy't útfierd wurde, en de útkomsten fan de toetsen.

Lobbyist

De ôfstân tusken de Waadeilannen en Den Haach is neffens Van Klaveren net op te lossen mei in tillefoantsje of in email. "Alleen een lobbyist kan dit, een duizendpoot die van alle markten thuis is", sa seit er.

Van Klaveren soe de lobbyist graach op de aginda fan de Waadeilannen hawwe, mar wachtet dêr no earst noch mei, om't it ministearje krekt opdracht jûn hat om de Waadtoets te evaluearjen. Dit moat yn maart as april barre.

Trefwurden: 
Den Haach It Amelân Lobbyist
(Advertinsje)
(Advertinsje)