Kollum: "Grutsk op Fryslân 2.0"

05 feb 2019 - 07:22

"Soms komme saken op in spontane wize byinoar. En as dat jin dan bliid makket, is it hielendal moai. It earste fan dy ferskate saken wie in ynterview mei Koen Haringa, de ûnbetelle direkteur fan Asteriks yn Ljouwert. Boppe it krante-artikel stie de kop 'Fier de ferskillen', in kredo dat my nei oan it hert leit.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Sa't jim witte haw ik my yn de rin fan de tiden regelmjittich oer de Fryske identiteit bûgd. It eigenskipswurd 'Fryske' yn dy kombinaasje hat gek genôch withoefaak nuvere reaksjes opsmiten. Ferskillen binne prima, rykdom sels, útsein as je Fryslân en de Friezen yn dat rychje pleatse. Wylst it net mear is as it kennen of weromkennen fan wêr't je weikommne, fan wa't je âlden binne, fan de maatskippij dy't jin fuortbrocht hat. In gegeven dat foar alle minsken op dizze modderklute jildt.

Hoe ienfâldich soks wêze kin fertelt Haringa yn it krantestik. Hy siet foarich jier op de grutte bûtentrep fan taalpaviljoen Obe, te sjen nei in keatspartij op it Aldehoustertsjerkhôf. Ynienen foel him op hoe bot er siet te genietsjen fan de taal, de striid, de sport. Hy fernaam dat er bot grutsk wie dat er út deselde klaai lutsen wie as dy keatsers. Net mear, net minder.

'Friesland is echt een ander gebied dan de rest van Nederland. Het enige met een eigen, officiële taal. We hebben een ongeëvenaard landschap, en we geven hier elkaar meer de ruimte. We hebben vertrouwen in elkaar. Friezen zijn toegewijd, leven op een wederzijds vertrouwen en doen graag dingen samen. En we staan open voor de rest van de wereld.'

Hear hear, sa't se it yn it Britske Legerhûs sizze. Haringa stelt dat it fernijen fan identiteit en imago fan de Friezen trochsette moat. Dat proses is ferline jier mei Kulturele Haadstêd begûn, oanjage troch kreative jongeren. De eigenskippen dy't ús oars meitsje as de rest ûntdekke en fiere. Nije dingen úteinsette, sawol kultureel as ekonomysk, en ûntdekke wêr't je weikomme. De skiednis kenne om de takomst foarm te jaan.

Ien fan dy jonge kreativelingen presintearre ôfrûne freed syn nije stripalbum yn Museum Dokkum. In Frysktalich album oer in bysûndere perioade út de Fryske skiednis. In jong, kreatyf talint mei in grut hert foar Fryslân, taal en kultuer. Witte wêr't je weikomme en wêr't je hinne wolle.

De sneons dêrnei hie ZUCO syn iepen dei, de Suvelkoöperaasje Dokkum. Jonge, Fryske ûndernimmers dy't mei harren rjochtsfoarm weromgripe op de alderearste suvelkoöperaasje: dy fan 130 jier lyn yn Wergea. Suvelprodukten mei de autentike sfear en smaak fan eartiids foar de konsumint fan no.

Witte wêr't je weikomme om de takomst stâl te jaan. Allegearre saken dêr't wy, jawol, as Friezen grutsk op wêze kinne. Om't se dogge wat Haringa ek graach sjocht: identiteit en imago fernije. En dêr waard ik fan 't wykein bliid fan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)