Burgumermar klear foar de takomst: fan 40 karavans nei 24 chalets

It Fakânsjepark Burgumermar is úteinset mei de oanlis fan 24 nije chalets. Dy komme op it plak fan 40 karavan- en camperplakken. Mei de oanlis ynvestearret it fakânsjepark 400.000 euro.
© Fakânsjepark Burgumermar
Eigener Eybergen fan Fakânsjepark Burgumermar
It wurk is yn desimber úteinset, en it grûnwurk moat yn maart as april klear wêze. Sadra't in chalet ferkocht is, wurdt it delset en klearmakke. De keapers meie it chalet sels ek ferhiere.
Neffens eigener Fokko Eybergen fan it fakânsjepark is der in soad fraach nei chalets. Der is minder fraach nei karavanplakken en mear fraach nei "gemak en comfort", sa seit Eybergen. "Helaas is het toeristisch kamperen in Nederland in de laatste 10 jaar aan het teruglopen. Dus om je camping daarmee te vullen wordt steeds moeilijker."

In foarm fan Glamping

In soad minsken wolle tsjintwurdich dat alles klear stiet as se oankomme, om dan ek fluch wer fuort te kinnen as de fakânsje derop sit. De chalets kinne yn dat ljocht sjoen wurde as in soad Glamping (lúkse kampeare). "Glamping is populair, maar wat is dat precies", sa filosofearret Eybergen oer de populêre term dy't troch in soad rekreaasjeparken brûkt wurdt. "Voor de een is het een luxe tent, voor de ander een luxe chalet." Yn dat ljocht binne de nije chalets dus in soad Glampingplakken.
Sawol gasten dy't foarhinne in steancaravan hiene, as minsken dy't ynvestearje wolle hawwe neffens Eybergen ynteresse yn de chalets.