Trainer René Hake ferbjustere nei fiasko tsjin Jong AZ: "Ik snap hier niets van"

04 feb 2019 - 23:30

Trainer René Hake wol net in protte sizze nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ. "Ik denk dat elk woord teveel is," seit er. "Het was verbijsterend. Ik begrijp hier helemaal niets van."

Cambuur ferliest fan hikkesluter Jong AZ

Cambuur ferlear yn Wijdewormer mei 2-1 fan Jong AZ. Dat is de nûmer lêst yn de kompetysje. Al nei fjouwer minuten foel it earste doelpunt. Foar de rêst wie it al 2-0.

"Het was sloom" seit Hake. "Traag. Weinig loopacties. Dan krijg je veel breedteballen. En dat wordt genadeloos afgestraft."

René Hake nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ

"AZ is een ploeg die het spel heel klein en compact wil houden", seit Hake. "Als je dan zo snel een goal tegen krijgt, dan help je jezelf zwaar in de problemen."

"We waren heel slap in de duels"

Oanfierder Robbert Schilder wie bot teloarsteld nei ôfrin fan de wedstriid. "Ik denk dat je dat wel kunt raden."

Robbert Schilder nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ

"Laten we eerlijk zijn, we moeten zo'n jonge ploeg gewoon aan kunnen", seit Schilder. "Als dat niet lukt, dan is dat gewoon teleurstellend"

"We kwamen er helemaal niet doorheen. We hadden weinig diepgang, we waren niet creatief, en slap in de duels. Het is heel moelijk om dat in het veld te veranderen. Je moet creatief zijn, ook lopen zonder de bal, om ruimte te maken. Dat gebeurde niet.

Der wiene in pear hûndert taskôgers yn Wijdewormer. En de Cambuurfans wiene net gelokkich mei de útslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)