SC Frjentsjer hâldt op mei prestaasjefuotbal op snein

SC Frjentsjer hâldt nei dit seizoen op mei prestaasjefuotbal op snein. Dat hat in algemiene ledegearkomste moandeitejûn bepaald.
© Omrop Fryslân
De striid tusken sneons- en sneinsfuotbal soarget al langere tiid foar twaspjalt yn de feriening. In rapport, opsteld troch in ûnôfhinklike kommisje, seit dat ek. "Wij hopen van ganser harte dat het gezonde verstand een keer gaat doorbreken. Zo niet, dan vrezen wij dat de dagen van deze club op korte termijn zijn geteld", foel dêryn te lêzen.
Der waard moandeitejûn twa kear stimd op de ledegearkomste. Earst oer oft it prestaasjefuotbal nei ien dei ta moast. Der wie dêrnei in grutte mearderheid foar de sneons: 141 stimmen tsjinoer 73 foar de sneins. 7 minsken hiene gjin foarkar.
De opdracht is no om in nij bestjoer oan te stellen. It hjoeddeistige bestjoer makket dit seizoen noch ôf, mar hâldt dêrnei op. Op de ledegearkomste kaam gjin reaksje doe't der in oprop dien waard foar nije bestjoersleden.
It beslút fan SC Frjentsjer past by in ûntwikkeling yn it Fryske amateurfuotbal. Hieltyd mear ploegen hâlde op snein op en gean op sneon fierder, lykas yn de ôfrûne jierren yn bygelyks Wolvegea, De Westereen en Stiens barde.