Auto oer de kop op De Feanhoop

04 feb 2019 - 22:47

Op de Kraenlânswei op De Feanhoop is moandei in auto op de kop yn in sleat bedarre. Yn de auto sieten fjouwer jonge manlju.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten hawwe de fjouwer manlju kontrolearre, mar sy hoegden net mei nei it sikehûs. Tsjin de plysje seinen se dat se troch ûnbekende oarsaak út de bocht flein wiene.

Trefwurden: 
De Feanhoop auto-ûngelok
(advertinsje)