Soarch by Fûgelpits om kontenerramp

04 feb 2019 - 22:20

Der binne op 'e nij sike en swakke fûgels oantroffen op it Noardseestrân. It giet no om '3-teens strandlopers', oftewol yn geef Frysk de 'gril' of 'grilk'. De fûgeltsjes fertoane deselde soart symptomen as de seekoeten wêrfan't al mear as hûndert by De Fûgelpits yn Moddergat binnenbrocht binne.

gril(k) - 3-teens strandloper - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Net folle hope

Fan dy seekoeten hat eins net ien it rêden. No is der ek net in soad hope dat fûgeltsjes der wer boppe-op komme sille. Neffens Gaatske Wiersma is fan dizze grilken, dy't op It Amelân fûn binne, noch mar ien yn libben. De deade fûgels binne foar ûndersyk opstjoerd en sa lang kin de oarsaak noch net fêststeld wurde.

"Kontenerramp hat dermei te krijen"

Wiersma tinkt lykwols dat de grutte kontenerramp boppe de eilannen dermei te krijen hat. "Miskien dat der earne gemikalyen útlekke of sa. We witte it net. Mar dit soarte lytse fûgeltsjes sjogge we hjir yn de opfang oars noait. Mear as goed op se passe kinne we net. Mar it sjocht der min út."

"Net troch plestik of pypskom"

Gaatske Wiersma tinkt net dat it fan plestik of pypskom komt. "Dat duorret altyd in skoftsje foar't de fûgels dêr lêst fan krije. Dêr soene we it dan fan 't simmer noch wolris drok mei krije kinne,", ferwachtet Wiersma.

Gaatske Wiersma by de gril(k) ûnder de reade lampe - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Gaatske Wiersma fan De Fûgelpits fertelt oer de gril(k)

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)