SC Cambuur ferliest fan hikkesluter Jong AZ

04 feb 2019 - 21:56

SC Cambuur hat moandeitejûn yn Wijdewormer ferlern fan hikkesluter Jong AZ. De Ljouwerters kamen al gau op efterstân en krigen flak foar de rêst in goal tsjin. Yn de twadde helte koene sy dat net wer goedmeitsje.

Cambuur ferliest fan hikkesluter Jong AZ

De wedstriid wie amper los of Cambuur kaam al efter te stean. Nei 4 minuten spyljen ferlear Cambuur de bal op it middenfjild, wêrnei't Ondrej Mihálik de bal efter de Ljouwerter doelman Mous wurkje koe.

Cambuur kaam dêrnei stadichoan better yn it spul, mar krige noch gjin grutte kânsen. Debutearjend spits Sam Hendriks wie der it tichtste by, mar syn skot yn de 37e minút gong in meter neist de goal. Yn de blessueretiid fan de earste helte moast Cambuur noch in klap ferwurkje, doe't Kenzo Goudmijn de 2-0 yn de lege hoeke skeat.

Sam Hendriks (links) en Kevin Jansen (rjochts) fan Cambuur by Kenzo Goudmijn fan Jong AZ - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de twadde helte kamen de Ljouwerters folle mear foar de goal fan Jong AZ, mar se wisten har kânsen net te fersulverjen. In kertier foar tiid waard debutant Alex Bangura fêstholden yn it penaltygebiet fan Jong AZ, mar skiedsrjochter Cantineau seach it troch de fingers.

Yn de ekstra tiid krige Cambuur dochs noch in penalty, dy't binnen sketten waard troch Kevin van Kippersluis. Dêrnei besocht Cambuur noch de gelykmakker te meitsjen, mar de ploech fan René Hake wist net mear te skoaren.

Jong AZ 2-1 Cambuur (2-0) 4. Ondrej Mihálik 1-0, 45. Kenzo Goudman 2-0, 90. Kevin van Kippersluis 2-1.

Opstelling Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Van den Beemt (41. Boerlage), Jansen (72. Bangura), Maulun, Conraad (55. Jones), Hendriks, Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)