"Gjin ferfanging regelje by sykte is gjin goed aksjemiddel"

Fryske basisskoallen jouwe foar in grut diel gjin gehoar oan de oprop fan de Algemiene Feriening Skoallieders en CNV Skoallieders. Dy freegje alle basisskoallen dizze wike om gjin ferfanger te sykjen as in dosint him of har siik meldt. Sa wolle se in sinjaal ôfjaan oan de polityk en mienskip dat it hieltyd dreger wurdt om ferfanging te finen. Skoalmienskip Furore en PCBO Smallingerland lit it oer oan de 35 skoallen dy't dêrby hearre.
© ANP
Direkteur Bas van Loo fynt it gjin goed aksjemiddel. Ek yn Fryslân komt it foar dat bern nei hûs stjoerd wurde by sykte fan de learkrêft, fertelt er. It probleem is der wol, mar dizze manier fan aksjefieren fynt gjin wjerklank by de oansletten skoallen, sa tinkt Van Loo. De measte skoaldirekteuren fine dat de aksjefoarm net past by it ûnderwerp.
It ûnderwerp op himsels fine se wol wichtich. It bestjoer fan skoallemienskip Furore en PCBO Smalingerland sil noch fan 't winter in brief stjoere nei alle âlden, om harren dúdlik te meitsjen hoe earnstich de situaasje is. By sykte kinne mei in hiel soad muoite ferfanging foarinoar krije. Faak slagget dat ek net en dan moatte de bern nei hûs stjoerd wurde.
Gjin ferfanging regelje as aksjefiermiddel giet te fier, fynt Van Loo. Dat dupearret de skoallen en de âlden te bot.
De lanlike oprop hat op himsels wol effekt, want dêrmei wurdt it probleem wer op de kaart set. Furore en PCBO Smallingerland stjoere in brief oan de âlden oer de problemen. Dat hawwe sy meardere kearen dien. Yn it brief ropt Furora en PCBO Smellingerland op dat as minsken ien kenne mei in lesfoech dat se dat dan melde moatte.
Bas van Loo