Jong Hearrenfean en Jong Excelsior wikselje fan plak yn ranglist

Jong Hearrenfean koe it moandeitejûn net oprêde tsjin Jong Excelsior. De Feansters ferlearen mei 2-3 fan de Rotterdammers.
© SC Hearrenfean
De Friezen begûnen goed. Al yn de 2e minút iepene Dennis Johnsen de skoare. Fjouwer minuten letter makke Excelsior de lykmakker troch in doelpunt fan Dennis Eckert. Dêr kaam tsien minuten letter noch in twadde doelpunt boppe-op fan Excelsior troch spiler Otto van der Loo. Yn de 37e minút wie it Denis Mahmudov dy't it tredde doelpunt makke foar Excelsior. Dat wie ek de rêststân.
Dennis Johnsen wist de skea te beheinen foar Jong Hearrenfean troch nei it skoft de 2-3 te meitsjen. Dêrnei wiene der ferskate kânsen op de lykmakker, mar dat slagge net. En dus ferlearen de Feansters mei 2-3. En dat wylst de klup ferline wike noch sa goed begûn mei in 4-0 oerwinning yn Eindhoven.
Neist Dennis Johnsen - hierd fan Ajax - spile ek de nije oanwinst Andreas Skovgaard moandei mei by Jong Hearrenfean.
Mei it ferlies fan no sakket Jong Hearrenfean fan it earste plak fan de ranglist nei it twadde plak en Jong Excelsior dat twadde stie, klimt omheech nei it earste plak.