Provinsjaal Belang ferwachtet fjouwer sitten: "It politike lânskip is feroare"

04 feb 2019 - 21:28

Provinsjaal Belang Fryslân giet út fan fjouwer sitten yn de steaten nei de ferkiezingen fan maart. Dat sei listlûker Rinus Buising yn It Polytburo.

Polytburo mei Rinus Buising

Syn partij siet earder ûnder in oare namme yn de provinsjale polityk, mar de lêste tsien jier net mear. Dochs tinkt Buising dat syn partij in goeie kâns makket, omdat de gemeentebelangen rûnom yn de provinsje de lêste jierren in flinke opmars makke ha.

"It politike lânskip is feroare"

Buising seit dat it politike lânskip feroare is. "De lêste jierren sjogge we dat hieltyd mear minsken lokaal stimme. As je sjogge hoe't it tolve jier lyn wie, en hoe't it no is, dan sit dêr in behoarlik ferskil yn. Dy ûntwikkeling is der yn de gemeentlike ferkiezingen, en dy ferwachtsje ik ek yn de provinsjale polityk.

Fan fraksjedissipline hoecht neffens Buising gjin sprake te wêzen. Mochten der fjouwer steateleden fan Provinsjaal Belang yn de Steaten komme, dan sille se allegearre frij oer saken stimme meie, seit er. Sa wol Buising rjocht dwaan oan de lokale belangen fan de achterban.

(Advertinsje)
(Advertinsje)