Ekstra befeiliging by riedsgearkomste oer sânwinning yn Iselmar

04 feb 2019 - 21:01

De riedsgearkomste fan De Fryske Marren oer de sânwinning yn de Iselmar is ekstra befeilige. De plysje wie sichtber oanwêzich tidens de gearkomst.

Ekstra befeiliging by riedsgearkomste oer sânwinning yn Iselmar

Oanlieding wie de stien dy't dit wykein troch in rút smiten waard by ien fan de riedsleden. Der wie grutte belangstelling foar de ynformele gearkomste fan moandeitejûn. De seal siet fol en yn de hal waard de gearkomste folge troch nochris tsientallen minsken.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tsientallen ynwenners en organisaasjes sprutsen yn om de ried oan te oertsjûgjen tsjin te stimmen as de sânwinning takom wike woansdei op de aginda stiet. Minsken hiene spandoeken en buorden meinaam. In grutte mearderheid fan de ynsprekkers wie tsjin de sânwinning.

Nije wike woansdei nimt de ried in beslút oer it al of net trochgean fan de winning.

Wytse Vellinga wie by de gearkomste

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)