Omroep Max toant ynteresse yn 'fenomeen' Piet Paulusma

De baas van Omroep Max wol waarman Piet Paulusma nei de lanlike publike omrop helje. Jan Slagter sil de yn kommende wiken mei Piet prate om te sjen oft dat mooglik is.
© ANP
Piet wurket al 23 jier by SBS6. Dy stjoerder wol net mei him fierder. Syn kontrakt rint ôf oan de ein fan it jier. En it wurdt net ferlinge.
De stjoerder wol de waarberjochten op in oare manier fersoargje Dêrfoar binne twa waarminsken fan RTL oanlutsen. Dennis Wilt en Amara Onwuka.

"Piet is een fenomeen"

De baas fan de publike omrop Max wol no sjen oft it mooglik is om Piet nei Max te heljen. Dêr soe er op radio en telefyzje it waarberjocht fersoargje kinne.
"Piet is een fenomeen, iedereen kent hem en houdt van hem", seit Slagter. "Ik denk dat hij erg goed op zijn plaats zou zijn bij Omroep Max."
Piet liet witte dat er him deljout by it beslút fan de lieding fan SBS. Mar hy fynt it wol skande. "Ik hie dy 25 jier graach fol makke."
Dat Piet oan de ein fan it jier ophâldt by SBS, hat gjin gefolgen foar syn posysje by Omrop Fryslân. Piet bliuwt hjir de fêste waarman op radio en telefyzje.