Stellingwerf College wint provinsjale finale en mei nei lanlike finale Op weg naar lagerhuis

It Stellingwerf College fan Easterwâlde hat it bêste jonge debattalint fan Fryslân. Dat die moandei bliken by de Fryske finale fan de debat- en speechwedstriid 'Op weg naar het lagerhuis'.
Fryske finalisten fan Op weg naar het Lagerhuis © Omrop Fryslân, René Koster

Seis skoallen yn Fryske finale

Mei de wedstriid reizget BNN-VARA foar de 21e kear troch Nederlân op syk nei it bêste debat- en speech-talint. Moandei wie de Fryske foarronde yn it Provinsjehûs yn Ljouwert mei teams fan de middelbere skoallen Dockinga College, OSG Sevenwolden, OSG Singelland, RSG Magister Alvinus, it Stellingwerf College en gymnasium Beyers Naudé.

Stelling pas bekend makke flak foar it debat

Yn de finale stiene OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean en it Stellingwerf College fan Easterwâlde tsjinoer inoar. Der waard ûnder mear diskusjearre oer sin en ûnsin fan in jongereinparlemint en oft de wolf al of net in plak yn Fryslân fertsjinnet. De debaters hearden pas flak foar de diskusje wat de stelling wie en hokker stânpunt se ferdigenje moasten. Dat jonge debaters fan 14 oant 17 jier diene dat mei oertsjûging. It Stellingwerf College die dat neffens de sjuery it bêste. Dy skoalle mei no nei de lanlike finales yn Hilversum.

Rinske fertelt bêste ferhaal

De bêste speech waard holden troch Rinske Perdijk fan it RSG Magister Alvinus út Snits. Sy wist sjuery en de oare oanwêzigen te boeien mei in yndrukwekkend ferhaal oer hoe hastich oft in soad jongere minsken yn it libben stean en hoe't rêst derfoar soargje kin dat minsken net fêstrinne of depressyf wurde.
Ferslachjouwer René Koster wie by de provinsjale finale fan de debatwedstriid