FIDEO: Sa bepaalt de VAR dat SC Hearrenfean net ferliest fan Vitesse

De fideoskiedsrjochter (VAR) hie in bepalende rol yn de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Vitesse. Yn de blessueretiid kaam Vitesse op in 3-1 foarsprong, mar op advys fan de fideoskiedsrjochter waard it doelpunt ôfkard, en krige Hearrenfean in strafskop.
It fuotbalbûn KNVB hat bylden publisearre dêr't út blykt hoe't dy beslissing ta stân kaam.
It wie in bizarre slotfaze sneontejûn yn Arnhem. Krekt foar de ein like Vitesse mei 3-1 te winnen, mar nei it lêste sinjaal fan de skiedsrjochter stie der in 2-2 lykspul op it skoareboerd fan it Gelredome.
It doelpunt fan Martin Ødegaard waard weromdraaid troch de fideoskiedsrjochter, wêrnei't Sam Lammers foar Hearrenfean skoarde út de penalty.
"Je hebt de videoscheidsrechter soms mee en soms tegen", sei oanfierder Stijn Schaars fan SC Hearrenfean nei ôfrin. "Dat is hetzelfde als met de scheidsrechter."