Sportoersjoch: SC Hearrenfean, reedriden en kuorbal

04 feb 2019 - 17:53

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportoersjoch ... (titel oanpasse)

Fuotbal

SC Hearrenfean spile dit wykein mei 2-2 lyk en dat wylst se earst mei 3-1 efter stienen. Vitesse skoart de 3-1 yn blessueretiid. Op advys fan de VAR wurdt de goal ôfkard, en krijt Hearrenfean in strafskop. Dy wurdt benut, einstân 2-2. Cambuur komt moandeitejûn yn aksje tsjin Jong AZ. Mei Sam Hendriks foar it earst yn 'e basis.

Reedriden: langebaan en shorttrack

Ofrûne wykein wiene wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Dresden. Suzanne Schulting liet dêr sjen litten dat sy echt de bêste is. Yn Hamar wie ek in wrâldbekerwedstriid, fan it langebaan riden. De Fries Douwe de Vries die mei.

Kuorbal

En de kuorballers fan LDODK moasten tsjin DVO.

Wedstriid fan de wike

De wedstriid fan 'e wike is de kreaker yn de fiifde klasse C. Donkerbroek tsjin Sport Vereent.

Wedstriid fan de Wike

De nije 'Wedstriid fan de Wike' is it WK reedriden yn Inzell.

(Advertinsje)
(Advertinsje)