Ljouwerter bern op ferkearsles

Basisskoallelearlingen yn Ljouwert krije dizze dagen spesjale ferkearsles. Op it terrein fan ROC Friese Poort yn Ljouwert hat Veilig Verkeer Nederland yn gearwurking mei Shell in grut ferkearsplein neiboud. De bern leare dêr de basisregels yn it ferkear.
It giet dan benammen om foarrangsregels en de betsjutting fan ferkearsbuorden. Neffens de plysje is dat needsaaklik om't de measte ûngemakken mei bern plakfine op drokke foarrangsdiken.