Weromsjen op 25 jier Omrop Fryslân telefyzje: "We moasten it tsjil opnij útfine"

04 feb 2019 - 17:50

It is dizze moandei eksakt 25 jier lyn dat Omrop Fryslân telefyzje begûn. De allerearste útstjoering fan de regionale omrop op 4 febrewaris 1994 waard presintearre troch Dieuwke Kroese. Yn Fryslân Hjoed fertelt sy mei Sjoerd IJbema, oer dy earste tiid.

FIDEO: Weromsjen op 25 jier Omrop Fryslân telefyzje

"It wie in perfekte útstjoering. We wienen de hiele dei senuwachtich. Ik hie wol ûnderfining by de radio mar net by telefyzje", fertelt Dieuwke Kroese. Der wienen audysjes foar de funksje fan presintator.

"We moasten it tsjil opnij útfine"

Omrop Fryslân wie de twadde regionale omrop, nei Oost, mei telefyzjeútstjoeringen. "We moasten it tsjil opnij útfine", leit Sjoerd IJbema út, hy wie programmalieder doe. "Hoe't it moast, wisten we net, mar wol dat we it nijs serieus en goed bringe moasten."

It gebou oan de Nijstêd wie net hiel geskikt. "We sieten op de earste ferdjipping en dan moasten we mei alle tassen nei boppen. Mar we sieten wol midden yn it sintrum en dat wie wol hiel leuk", fertelt Dieuwke Kroese.

Wriuwing tusken de beide redaksjes

Yn it begjin wie der wol wat wriuwing tusken de beide redaksjes fan radio en telefyzje, dy't ek op twa ferskate lokaasjes sieten. Der wie ek wol wat konkurrinsje, fan wa bringt as earste it nijs. "De buroredakteur telefyzje moast suver op audiïnsje by de nijsgearkomste fan de radio komme. Se wienen benaud dat we nijs ôfpikke soenen."

Goede sjochsifers

Sjoerd IJbema is grutsk. "It is geweldich dat it slagge is. Dat komt mei troch dat safolle minsken seagen. Dat kaam ek omdat we in goed tiidstip hienen. Om sân oere wie doe noch gjin programma as De wereld draait door. We hienen in programma fan in oere dus dêrnei koenen minsken it Achtoeresjoernaal sjen. Om healwei njoggenen waard it hiele programma nochris werhelle. Dus minsken hienen twa kear de mooglikheid om it nijs te sjen. We hienen goede sjochsifers."

FIDEO: Weromsjen op 25 jier Omrop Fryslân telefyzje

Presintaasje

En hast alle eardere presintatoaren ha yn de útstjoering in part fan it programma foar har rekken nommen. Is it presintearjen krekt as fytsen, wat dat je net ferleare?

Trefwurden: 
Omrop Fryslân telefyzje
(Advertinsje)
(Advertinsje)