Wedstriid fan de wike: Wrâldkampioenskip reedriden

De bêste reedriders fan de wrâld sitte dizze wike yn it Súd-Dútske Inzell. Dêr set tongersdei it wrâldkampioenskip ôfstannen útein. De Fryske toppers binne der fansels ek by en dêrom is it de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.
"Sven Kramer kin foar de njoggende kear wrâldkampioen wurde op de 5.000 meter, Jorrit Bergsma wol syn tredde WK-titel pakke op de 10.000 meter en Antoinette de Jong giet foar har earste yndividuele titel. Om mar wat nammen te neamen", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. Fierder ride ek de Friezen Letitia de Jong, Janine Smit, Ireen Wüst, Carien Kleibeuker en Douwe de Vries yn Inzell.
Tongersdei set it toernoai útein en it duorret oant 'e mei snein. Der is alle dagen live-ferslach op de radio en op ynternet wurdt in liveblog byhâlden.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.