Biltsk berneboek oer hûntsje Bruno

04 feb 2019 - 17:02

De Bildtse Boekerij en BildtTaal hawwe in berneboek útjûn yn it Biltsk. Sytse Buwalda hat it skreaun en Ita Spoelman hat foar de tekeningen soarge. It boek giet oer it hûntsje Bruno.

Foto: Afûk Fryske boek- en kadowinkel

Bruno is hikke yn Sint-Jabik en tein yn Sint-Anne. It boek is foar bern fan fiif jier en âlder.

"Bruno weunt in 'e huus bij hait en mim met twee lieve kines. Baide kines kinne och soa fijn met Bruno speule. De hait fan de kines waar heel wiis met 't hondsy. Bruno mocht soms wel de hele aven bij him op de skoat sitte. En mim maakte altyd lekker eten foor him klaar."

(advertinsje)