Petysje tsjin sânwinning hellet 15.000 hantekens op

04 feb 2019 - 16:52

De petysje tsjin de sânwinningsplannen yn de Iselmar hat online mear as 15.000 hantekens binnen helle. De petysje is in inisjatyf fan ferûntrêste bewenners fan de Iselmarkust dy't benaud binne foar oerlêst.

It sanwinningseilan sa't it der neffens Royal Smals útsjen sil - Foto: Promofilm Royal Smals

Sa soe it winnen fan sân foar lûdsoerlêst soargje kinne en soe it skealik wêze foar de natuer. De petysje wurdt ek stipe troch in grut tal organisaasjes, sa as It Fryske Gea en Natuurmonumenten.

It Limboarchske bedriuw Royal Smals wol de kommende tritich jier sân helje út de Iselmar, mar moat noch grien ljocht krije fan de gemeente De Fryske Marren. Dat beslút soe yn novimber falle, mar doe is dat útsteld.

De gemeenteried praat moandeitejûn mei de ynwenners oer sânwinning. Belutsenen kinne dan oan de ried fertelle wat sy wichtich fine.

Bussen fol mei aksjefierders sille moandeitejûn manmachtich nei De Jouwer om te protestearjen tsjin plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)