'Nederlânske ûntheffingen oan pulsfiskers yn striid mei regels'

De ûntheffingen dy't de Nederlânske oerheid jûn hat oan de pulsfiskers, binne yn striid mei de Europeeske regels. Dat seit de direksje fiskerij fan de Europeeske Kommisje.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
By pulsfiskerij jeie de fiskers de fisken mei lytse elektryske skokjes fan de boaiem fan de see yn de netten. Dat is eins ferbean, mar jierren lyn is ôfsprutsen dat 5 persint fan de float dermei eksperimintearje mei foar wittenskiplik ûndersyk. Nederlân hat yntusken ûntheffingen jûn oan 84 kotters en dat komt del op sa'n 40 persint.

Better foar de boaiem

Ek guon Fryske fiskers wurkje op dy wize. Dêrmei ha se in spesjaal fisktúch op har boaten. Neffens de fiskers is dizze technyk better foar de boaiem, om't der gjin swiere kettingen brûkt wurde.
De direksje fiskerij advisearret de kommissarissen om in saneamde ynbrekproseduere te begjinnen. Dat kin nei in warskôging liede ta in saak by it Europeesk Hôf fan Justysje.
It ministearje fan LNV giet derfan út dat it altyd neffens de regels hannele hat. In wurdfierder wol net op de kwestje yngean, omdat it noch net wis is dat der echt in ynbrekproseduere komt. "De commissie moet daarover oordelen. Dat wachten we af."

Totaalferbod

It Europeesk Parlemint stimde in jier lyn foar in totaalferbod op de pulsfiskerij. Underhannelingen mei de EU-lidsteaten soenen lykwols noch liede kinne ta behâld fan in diel fan de fergunningen.