FIDEO: Piet Paulusma reagearret op syn fuortgean by SBS6

04 feb 2019 - 15:59

Waarman Piet Paulusma hâldt op by SBS6, sa waard earder dizze moandei bekend. It kontrakt fan de waarman út Harns wurdt nei 23 jier net ferlinge. Dêrmei komt in ein oan Piets Weerbericht, dat sûnt 1996 alle dagen te sjen is by de kommersjele stjoerder. "It is in strategyske keuze fan de lieding fan SBS6", lit Piet witte. "Dy hat sein: 'Wy geane in oare kant op mei it waar en dêr ha wy Piet net by nedich'. Skande, ik hie dy 25 jier graach fol makke."

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma SBS6
(advertinsje)
(advertinsje)