Tim Douwsma presintearret nije single yn it Frysk as oade oan Fryslân

Sjonger Tim Douwsma komt út Fryslân en dêr makket er gjin geheim fan. Om syn thúsprovinsje te earjen, hat er wat spesjaals betocht.
© ANP
Syn nije single hyt 'Fryslân' en dêryn besjongt er syn leafde foar de provinsje. "Ik hie it idee al hiel lang yn de holle. Ik woe it graach yn it Frysk dwaan", fertelt Tim Douwsma. "Mei Marcel Smit ha ik it ferske skreaun." De earste sin is: 'Ik rûk yn de fierte it gers fan it lân'.
Syn nije single komt freed út, mar yn de Middei fan Fryslân wurdt dy tongersdei al draaid, Tim komt dan sels nei de studio ta om de single oan te kundigjen. Oant dy tiid hearst alle dagen alfêst in lyts stikje fan it nûmer.
"Myn famylje en freonen fine it geweldich en myn pake en beppe binne der wyld fan. Ik ha der in goed gefoel oer."