Omrop Fryslân telefyzje bestiet 25 jier: sjoch de earste Hjoed werom

04 feb 2019 - 14:57

It is dizze dei eksakt 25 jier lyn dat Omrop Fryslân telefyzje begûn. De allerearste útstjoering fan de regionale omrop op 4 febrewaris 1994 waard presintearre troch Dieuwke Kroese. Dizze ûnderwerpen sieten ûnder oare yn it programma: bou sâltfabryk Frima yn Harns giet troch, Abe Lenstrastadion earder klear en nije rêdingshelikopters foar de Waadeilannen. Besjoch dy útstjoering:

De earste Hjoed fan 4 febrewaris 1994

Achter de skermen

In dei foar de start fan regionale telefyzje makke NOVA, it aktualiteiteprogramma fan de NOS, foarrinner fan Nieuwsuur, in reportaazje oer de earste útstjoering. De ferslachjouwer seach achter de skermen by de redaksjegearkomste en gie mei Gerard van der Veer op 'en paad foar in item oer Houtigehage dat gjin sporthal krijt. Ek binne bylden te sjen fan de redaksje, de montaazje, it oefenjen fan de útstjoering en de rezjyromte.

"Is der wol genôch nijs?"

De NOVA-ferslachjouwer freget him ôf oft der wol genôch nijs wêze sil yn Fryslân om alle dagen in programma te meitsjen. En Friezen om utens Heinze Bakker en Pia Dijkstra fertelle beide hoe't se de regionale telefyzje tsjin oan sjogge.

NOCH jubileum

Presintatoaren oan de bak

Yn Fryslân Hjoed fertelle Dieuwke Kroese en doetiids einredakteur Sjoerd IJbema, oer dy earste tiid. En hast alle eardere presintatoaren sille yn de útstjoering in part fan it programma foar har rekken nimme, ûnder oare Douwe Boersma, Karen Bies, Eric Ennema, Simone Scheffer, Diana de Groot en Miranda Werkman dogge dat.

Nocht krigen om mear Omropprogramma's werom te sjen? Gean dan nei www.weromrop.frl. Fan Sybe Satellyt oant Sadwaande en fan Van Tuinen thús oant Baas boppe baas, alle peareltsjes binne werom te finen op dizze argyfwebside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)