Skûtsjeskipper Fonger Talsma hâldt foarearst op mei de IFKS

04 feb 2019 - 14:53

Fonger Talsma sylt dit jier net mei yn de IFKS. De skipper fan skûtsje De Jonge Jan seit op it stuit net genôch motivaasje te hawwen om der in moai seizoen fan te meitsjen.

Foto: Facebook Fonger Talsma

"It wie net in maklik beslút, om't je him net allinnich foar jesels meitsje, mar foar in hiele bemanning. Ik ha der dizze winter dan ek bot oerneitocht, mar de motivaasje is gewoan fuort om der in moai en suksesfol jier fan te meitsjen. En dy motivaasje is wol fan essinsjeel belang, want it is elk jier in hiele organisaasje. Je moatte in soad regelje en je ha fyftjin man oan board dêr'tst fan wolst dat se it nei 't sin hawwe."

De Jonge Jan bliuwt oan de wâl

Dy bemanning fynt it beslút fan harren skipper spitich, mar se ha der wol begryp foar. Fonger Talsma: "Sa't it no liket, bliuwt De Jonge Jan dit jier foar de wâl lizzen. Under de bemanning is net ien dy't it helmhout oernimme wol en wy ha ek net fierder socht nei in opfolger."

Talsma hat tolve jier yn de IFKS syld. Earst as bemanningslid ûnder syn heit, Jelle Talsma. Sûnt trije jier wie Fonger skipper op it skûtsje. Hy sylde streekrjocht fan de C nei de B om yn 2018 yn de grutte-A te debutearjen. Dêr einige hy as tolfde yn it klassemint. "It is wol in apart idee dat we dit jier net meisile, mar we sille de IFKS wol folgje. En ik sis ek net dat ik dermei ophâld, ik neam it foar no in pauze."

(Advertinsje)
(Advertinsje)