Auto fan de dyk op Wâldwei nei hagelbui

04 feb 2019 - 14:42

Op de Wâldwei by Drachten is moandeitemiddei in auto fan de dyk rekke. De bestjoerster ferlear de macht oer it stjoer en bedarre mei de auto yn de sleat.

Foto: Srfotografie

Mooglik komt it ûngelok troch glêdens, nei in hagelbui. It ambulânsepersoniel hat de frou neisjoen, mar sy is net ferwûne rekke.

Ien rydstripe wie in skoftke ôfsletten. In lyts healoere nei it ûngelok wie de dyk wer frij.

(advertinsje)
(advertinsje)