Sjuery Gysbert Japicxpriis bestiet út Schaaf, Rypstra en Jongstra

04 feb 2019 - 13:52

De sjuery foar de Gysbert Japicxpriis 2019 bestiet út Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra en Atte Jongstra. Deputearre Steaten ha it trijetal beneamd. De priis wurdt fan it hjerst útrikt yn de Martinitsjerke fan Boalsert.

Gysbert Japicx - Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje rikt de Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer twajierliks út. De iene kear foar proaza en de oare kear foar poëzy. Yn 2019 beoardielet de sjuery de Fryske proaza út de perioade 2015 oant en mei 2015. De sjuery jout in advys oan Deputearre Steaten oer de winner fan de priis.

Grytsje Schaaf

Grytsje Schaaf is arsjitekt, dichter en keunstner. Se studearre arsjitektuer yn Delft en wurket as dosint Boukunde by NHL Stenden. Se publisearret geregeld har gedichten en jout foardrachten, wêrby't se har poëzy gauris kombinearret mei klanklânskippen en performance. De ôfrûne jierren wurke se mei ferskate keunstners, dichters en muzikanten yn it kollektyf Tsjinlûd.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra is algemien direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Boppedat is se lid fan de Ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy en Sport Fryslân. Yn 2004 hat se op de Ryksuniversiteit Grins de master Fryske Taal- en Letterkunde helle. Fan 2006 oant 2017 wie Rijpstra PvdA-wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Atte Jongstra

Atte Jongstra is in skriuwer en essayist en dêrneist resinsint foar NRC Handelsblad. Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei 'De Multatulianen'. Foar syn ferhalebondel 'De psychologie van de zwavel' krige Jongstra yn 1989 de Geertjan Lubberhuizenprijs en yn 1998 krige er de J. Greshoffprijs foar syn essaybundel 'Familieportret'. Yn 2016 waard him de Constantijn Huygensprijs takend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)