Omrop Fryslân telefyzje bestiet 25 jier: hoe is it begûn op de Nijstêd?

04 feb 2019 - 13:21

It is dizze moandei eksakt 25 jier lyn dat de earste útstjoering fan Hjoed op telefyzje te sjen wie. Dêrmei wie de offisjele start fan regionale telefyzje in feit. Mei in lytse klup waard fan dy dei ôf alle dagen in nijs- en achtergrûnprogramma makke. Op de Nijstêd yn Ljouwert siet de earste studio en redaksje.

Hoe wie it wurkjen op de Nijstêd?

Frans Slaterus, Maarten Bruining, Afke Meekma en Simone Scheffer wiene derby, dy earste dei. Se giene werom nei 4 febrewaris 1994.

"Hjir wie de redaksjeromte," fertelt redakteur/ferslachjouwer Afke Meekma "Ik wit it noch goed, ik siet oan in dûbel buro, mei Piter Zwart tsjinoer my. Dêr wie de opslach en dêr siet planning en dêr de ferslachjouwers."

Gjin glamour

Foar de earste útstjoering kamen de earste meiwurkers al in pear moannen earder by elkoar yn it gebou om proef te draaien. "Ik tocht wol fan moat it hjir no gebeure, it wie hol, gehoarich, der waard timmere en ferboud. Ik hie wol mear in glamoureus byld fan telefyzje, dat wie dit hok echt net."

Omrop Fryslân telefyzje bestiet 25 jier: hoe is it begûn op de Nijstêd?

Technikus Frans Slaterus wit it noch goed: "De trep kreake hiel bot. Eins koest der ûnder de útstjoering net op rinne, want dat heardest yn de útstjoering. Soms moast der wol fluch wat ophelle wurde fan de redaksje en dan heardest it stampen yn de studio."

Ek kameraman Maarten Bruining wie der fan it begjin ôf oan by. As Grinslanner wie it wol even wennen foar him. "Elkenien prate in oare taal."

Wat ropt it gebou no op?

"In gefoel fan nostalgy", fertelt Afke Meekma. "It wie hurd wurkjen, mar it wie in moaie tiid, we wienen mei in lyts ploechje. Soms rûnen de emoasjes heech op, we ha moaie dingen makke."

"It wie ek pionierjen", follet Frans Slaterus oan. "We waarden ek wol tsjinwurke. Der wie eangst by de radiokollega's dat it allinne mar jild koste." "It wie ek sy fan de telefyzje en wy fan de radio," ferwurdet Afke Meekma.

Kompjûter

It wie ek de opkomst fan de kompjûter en de digitalisearring. "Earder wurken we mei typmasines, der wie hielendal gjin ANP of in netwurk", leit Afke Meekma út. "Der wie ien draadloaze telefoan, mar dy hâlde de direkteur hieltyd by him", follet Frans Slaterus oan. "We krigen in ynternetkompjûter en elkenien stie deromhinne nei te sjen", wit Maarten Bruining noch.

Omroptientsje

De sjogger wist al gau dat om 19.00 oere Hjoed op telefyzje kaam. Dat wie al gau ynboargere. "Ik wit noch dat in ploech weromkaam mei in tientsje fan in sjogger. Dat wie it earste omroptientsje om de Omrop te behâlden", fertelt Afke Meekma.

Simone Scheffer gie mei in tal kollega's werom nei de Nijstêd

Foto: Omrop Fryslân

Yn de earste jierren wienen de redaksjes fan de radio en telefyzje op twa aparte lokaasjes. Telefyzje siet mei de studio en redaksje op in ferdjipping boppe in winkel wat no boekhannel Van der Velde is, oan de Nijstêd. En radio siet even fierderop oan de Grienewei. Yn 1999 kamen beide redaksjes by elkoar op de Zuiderkruisweg yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)