Aksjegroep tsjin sânwinning komt mei hûndert man nei riedsgearkomste

Bussen fol mei aksjefierders sille moandeitejûn manmachtich nei De Jouwer om te protestearjen tsjin de sânwinningsplannen yn de Iselmar. De ried sil yn petear mei foar- en tsjinstanners om dan de folgjende riedsgearkomste definityf grien ljocht te jaan, of net. De tsjinstanners hoopje op it lêste. Om dat boadskip krêft by te setten, komme se mei sa'n hûndert man nei it gemeentehûs.
© Omrop Fryslân
De sânwinningsplannen yn de Iselmar soarge foar in soad opskuor yn De Fryske Marren. Sneontejûn waard der in bakstien troch it rút smiten by Olaf Storms, fraksjefoarsitter fan de VVD. Dizze partij is foar sânwinning yn de Iselmar.

Tsjin geweld

"It wol ús net oan dat ien fan ús aksjegroep de bakstien by Storms troch it rút smiten hat." Dat sei Baukje Miedema fan de aksjegroep, dy't tsjin de sânwinning yn de Iselmar is. Miedema kart de aksje mei de bakstien ôf. "Wy binne as aksjegroep tsjin elke foarm fan geweld. Wy fiere aksje op basis fan arguminten. Wy hoopje dan ek dat de plysje de dieder fine sil."

Tritich ynsprekkers

De aksjegroep komt moandeitejûn mei sa'n hûndert minsken nei de riedsgearkomste. Miedema: "Om 19.30 oere komme wy mei in tal bussen oan en sille wy aksje fiere by it bordes. Mar it belangrykste fan 'e jûn is dat wy ynsprekke kinne. It is moai dat dizze nije foarm der is. Tritich fan ús sille koart fertelle wat har it measte tsjinstiet yn it plan."

Stim fan it folk

Neffens Miedema is it wichtich om de stim fan it folk te hearren. "Yn de stikken stiet dat it belangryk is dat der draachflak is ûnder de befolking. Mei de aksjes litte wy sjen dat dy draachflak der net is ûnder de ynwenners."
Baukje Miedema fan de aksjegroep tsjin de sânwinning