Deaberne poppen kinne tenei registrearre wurde

04 feb 2019 - 12:37

Alden fan in deaberne poppe kinne fan dizze moandei ôf har bern registrearje by de boargerlike stân. Amarins en Henri Meijer út Lekkum wiene de earsten yn de gemeente Ljouwert dy't dat diene hawwe.

Deaberne poppen kinne tenei registrearre wurde

It giet om in wiziging fan de Wet Basisregistratie Personen. It bern wurdt sichtber foar de âlden op de site MijnOverheid.nl en op in úttreksel fan de basisregistraasje. Dêrmei besteane de poppen dus no wol foar de oerheid. De registraasje is goed nijs foar in hiel soad heiten en memmen.

"Het is een bijzondere dag. We zijn nu echt met zijn vijven, ook op papier. Ze staat nu tussen Hessel en Jeske in. En Silke hoort daar al zeseneenhalf jaar bij. Nu ook officieel", fertelt mem Amarins.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wat barde der op 1 maaie 2012?

"De dag begon normaal, maar ik voelde Silke al minder in mijn buik bewegen. Voor controle gingen we naar het ziekenhuis en daar leek het hartje niet te kloppen zoals zou moeten. Toen moest ik een spoedkeizersnee en kwam ze levenloos ter wereld. Ze was al in de buik overleden."

"Die dag vergeet je nooit weer," follet heit Henri oan. "Op de eerste dag heb ik aangifte van de geboorte gedaan in het ziekenhuis, maar ik moest haar ook direct weer uitschrijven. Dat was geen fijn moment."

Silke heart der foar de famylje altyd by. En no dus ek op papier. Op har bertedei steane se der altyd by stil en prate se oer Silke. Soan Hessel (10 jier) hat syn eigen knuffel by de begraffenis omruile foar de knuffel dy't foar Silke kocht wie. "Die heb ik nu altijd bij me."

De wet jildt mei weromwurkjende krêft.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Auke Zeldenrust praat mei de famylje

(Advertinsje)
(Advertinsje)