Marcel Kuin: "We werken hard aan het oplossen van de problemen bij Reumatologie"

04 feb 2019 - 12:27

"We werken hard aan het oplossen van de problemen op de poli Reumatologie." Dat seit Marcel Kuin, bestjoersfoarsitter fan it Antonius sikehûs, as reaksje op it nijs dat de wurksfear op de poliklinyk Reumatology yn it Snitser sikehûs net goed is. Moandei makke De Volkskrant bekend dat de poly al in healjier gjin nije pasjinten mear oannimt fanwege de problemen op de wurkflier. Kuin jout ta dat der problemen binne, mar dêr wurdt hurd oan wurke. "Achter de voordeur kunnen we de situatie dan verder oplossen."

Problemen noch net oplost

Dat der problemen op de polyklinyk binne, is gjin geheim. Yn 2016 kaam der al in melding fan minne ferhâldingen op de wurkflier. "Intussen staat het er wat beter voor dan je in de kranten kunt lezen", fertelt Kuin. "De sfeer is weer goed. Maar de problemen zijn nog niet opgelost, want er is nog steeds een patiëntenstop."

Nije reumatolooch

It probleem ûntstie doe't it Snitser sikehûs in nije reumatolooch oannaam. Kuin: "Helaas bleek dat de samenwerking tussen de zittende reumatologen en de nieuwe reumatoloog niet goed verliep. Toen hebben we de patiëntenstop moeten invoeren. Dat doe je natuurlijk liever niet. Het betekent dat we nieuwe patiënten moeten doorverwijzen naar andere ziekenhuizen. Huidige patiënten en spoedgevallen behandelen we wel."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mediation

Om de problemen op te lossen, hat it sikehûs besocht om de medysk spesjalisten fia mediation tichteby elkoar te krijen. Dat is lykwols net slagge. Ien fan de trije reumatologen sit al mear as trijekwart jier thús. Dat de oare beide medysk specialisten in echtpear is, hat neffens Kuin gjin ynfloed op de situaasje. "Ik wil benadrukken dat er niets op de professionaliteit van de medisch specialisten is aan te merken. Dokters moeten heel intensief met elkaar samenwerken. We hebben daar respect voor en ook geen oordeel over. Maar we moeten het wel oplossen."

Unôfhinklike kommisje

In ûnôfhinklike kommisje sil ûndersyk dwaan hoe't it probleem op de wurkflier oplost wurde kin. Kuin: "Voor de korte termijn is het doel om het probleem op te lossen voor de patiënten. Achter de voordeur kunnen we de onderlinge situatie dan verder oplossen."

Bestjoersfoarsitter Marcel Kuin fan it Antonius sikehûs

(advertinsje)
(advertinsje)